Undersyk: ''Jonge seehûnen langer lizze litte''

06 jul 2017 - 18:48
Gijsje de Gûler - Foto: Seehûnekresj Pieterburen

Jonge seehûnen kinne folle langer allinne lizzen bliuwe as tocht waard. Dat is de útkomst fan in ûndersyk fan de Ryksuniversiteit Grins nei gewoane seehûnen yn it Eems-Dollard gebiet. Oant no ta jildt dat saneamde 'huilers' nei twa oeren meinaam wurde meie nei de opfang. No docht bliken dat se wol acht oeren sûnder mem kinne.

Sy krije ek molke fan in ferskaat oan memmen en net allinnich fan de eigen mem, lykas earder tocht waard. Undersikers en de seehûne-opfang yn Pieterburen sizze dêrom ek dat je noch weromhâldender wêze moatte mei it opfangen fan jonge seehûnen as no it gefal is. Ek omdat der oanwizingen binne dat de opfang net altyd goed útpakt foar de jonge sûchdieren.

(Advertinsje)
(Advertinsje)