Sander Arends: ''Hier doe je het je hele leven voor''

06 jul 2017 - 18:13

''Ik heb er alleen maar van genoten! Dit soort momenten, daar doe je het je hele leven voor.'' Dat sei tennisser Sander Arends fan Ljouwert nei ôfrin fan syn ferliespartij yn de earste ronde fan it dûbeltoernoai op Wimbledon. Tegearre mei syn partner Hsien-Yin Peng út Taiwan gie Arends yn fiif sets ûnderút tsjin twa Sweedske tennissers. ''We waren elke game op zoek naar de openingen, maar de kansen waren schaars. De laatste twee sets is er eigenlijk niet meer gebroken, niemand heeft tot diep in de vijfde set een breakpoint gehad. Dan is het maar net wie er als eerste toeslaat.''

''Gewoon genieten''

De Ljouwerter fynt it spitich dat er nei de earste ronde ôfskied nimme moat fan Wimbledon, mar hat der ek wol wer frede mei. ''Helaas hebben zij uiteindelijk aan het langste eind getrokken, maar ik vind het mooi dat de wedstrijd met winnend tennis is afgesloten. Het was gewoon genieten. Ik sta hier op het heilige gras. Als klein jongetje heb je maar één droom, en dat is op Wimbledon spelen!''

''Inspirerend''

Hoewol't it Grand Slam-aventoer der no foar Arends opsit, bliuwt er noch wol efkes yn Londen. ''Het is inspirerend hier, ik ga zeker niet meteen weg. Ik heb veel geleerd en ook meteen de langste wedstrijd uit mijn carrière gespeeld. Ik ga mezelf de komende dagen even oplappen en hier lekker nog even genieten.''

(Advertinsje)
(Advertinsje)