Grutste luchtballon fan Europa by De Jouwer de loft yn

06 jul 2017 - 17:38

By de ballonfeesten op De Jouwer ein july giet de grutste 'special shape' fan Europa de loft yn. It giet om in gigantyske racemotor. De djoerste 'special shape' ea is ek te sjen yn de loft boppe De Jouwer. Dat is it selsportret fan skilder Vincent van Gogh. En dan komt der ek noch in ballon dy't te sjen wie yn de Amerikaanske film Independence Day. De organisaasje fan de ballonfeesten seit dat dy sels net wit wêr't dizze loftballon krekt weikomt.

De ballonfeesten duorje fiif dagen. Alle jûnen geane der tsientallen ballonnen de loft yn, fan de Nutsbaan ôf op De Jouwer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)