Soarchsintrum Talant op termyn fuort út It Surhústerfean

06 jul 2017 - 17:40

Talant giet op termyn fuort út It Surhústerfean. Direkteur Auke Jelle Kingma fan de ynstelling foar handicaptesoarch hat dat meidield oan meiwurkers, kliïnten en harren famylje. Talant hat no noch in wenfoarsjenning foar 21 handicapten yn it doarp, de Fazant, mar dy is ferâldere. Nijbou is te djoer foar sa'n lytse groep en dêrom wol Talant op termyn it doarp ferlitte. Dat bart net fan hjoed op moarn. Bewenners dy't graach yn Surhústerfean bliuwe wolle, kinne, as se dat wolle, te plak yn âldereinsintrum 't Suyderhuys. Talant is dêrfoar in gearwurking oangien mei 't Suyderhuys.

Njonken in wenfoarsjenning hat Talant ek noch in deibesteging foar 20 âlderen yn it doarp. Ek dy aktiviteit wurdt de kommende tiid stadichoan ôfboud. Wannear't Talant krekt de doarren slút yn Surhústerfean kin direkteur Kingma noch net oanjaan. Hy wol dêr de tiid foar nimme. Boppedat moat de meisizzenskipsried fan Talant him ek noch útsprekke oer it beslút.

(Advertinsje)
(Advertinsje)