't Badhuys op Flylân is it bêste strânpaviljoen fan Nederlân

© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
't Badhuys op Flylân is útroppen ta bêste strânpaviljoen fan Nederlân. 't Badhuys is hielendal opnij opboud en gie yn april wer iepen. De sjuery en it publyk binne bot te sprekken oer it moderne ynterieur, it duorsume karakter, de oandacht foar in skjinne omjouwing en de goeie service.
Strânpaviljoen Sjoerd op It Amelân foel ek yn yn de prizen. Dat is ferkeazen ta meast duorsume strântinte fan dit jier. De ferkiezing is opset troch Strand Nederland en wurdt stipe troch Koninklijke Horeca Nederland, it Nederlands Bureau voor Toerisme en it hoarekafakblêd Entree.