Tennisser Arends yn maratonpartij ûnderút op Wimbledon

Tennisser Sander Arends fan Ljouwert en syn partner Hsien-Yin Peng út Taiwan binne útskeakele yn de earste ronde fan it tennistoernoai fan Wimbledon. Se ferlearen yn fiif sets mei 7-6 1-6 6-4 6-7 en 10-12 fan de Sweden Johan Brunström en Andreas Siljeström. De partij duorre hast fjouwer oeren.
De earste set gie lykop en einige yn in tiebreak, dy't Arends en Peng mei 7-4 nei harren ta lutsen. De twadde set gie ferfolgens rap ferlern. It waard 6-1 foar de Sweden nei't Arends en Peng trije kear harren servicegame ferlearen.
Yn de tredde set pakten Arends en Peng in betide break en wisten dy fêst te hâlden, sadat de set yn 6-4 einige. De fjirde set gie lykop en in tiebreak moast opnij de beslissing bringe. Arends en Peng ferlearen dizze mei 7-4.
De beslissende fiifde set gie oant 10-10 op service. Doe brutsen de Sweden de opslach fan Arends/Peng en koene de wedstriid útservearje.
Sander Arends is de earste Fries ea op Wimbledon.