Boatreizgers Rederij Doeksen tefreden oer de oertochten

06 jul 2017 - 16:05
Ien de boaten fan Doeksen - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Reizgers dy't mei de boat troch Rederij Doeksen fan en nei de Waadeilannen brocht wurde, binne tefreden oer de reis. Dat docht bliken út in tefredenheidsûndersyk ûnder de reizgers. Doeksen skoarde in 8,1 op de boatreis fan Harns nei Skylge en in 8,3 op de reis nei Flylân. De sifers binne krekt wat better as ferline jier, en ek heger as de easken dy't oan it bedriuw steld wurde.

Neffens direkteur Paul Melles hat de feartsjinst hurd wurke om de hege sifers te beheljen. "De afgelopen periode heeft Rederij Doeksen veel geïnvesteerd in gastvrijheidsprogramma's en serviceverbetering", seit Melles.

It jierlikse ûndersyk is basearre op santjin ferskillende ûnderdielen, lykas klantfreonlikheid. Dy ûnderdielen wurde beoardiele troch reizgers. It ûndersyk is útfierd yn opdracht fan it ministearje fan Ynfrastruktuer en Miljeu.

(Advertinsje)
(Advertinsje)