FIDEO: Bewiisstikken proses Mata Hari te sjen

06 jul 2017 - 15:40

Ien fan de hichtepunten fan de grutte tentoanstelling dy't it Fries Museum yn oktober iepenet oer Mata Hari, binne de bewiisstikken dy't de rjochters oertsjûge ha dat Mata Hari wol deeglik in spionne wie. It giet om fjouwer telegrammen dy't út Spanje wei nei har opdrachtjouwers yn Dútslân tastjoerd waarden. De telegrammen fertelle oer har spionaazjewurk, mar binne ûnderskept troch de Frânske spionaazjetsjinst.

De stikken binne noch nea yn it iepenbier te sjen west en waarden woansdei foar it earst toand oan in selekt selskip yn it militêre argyf fan Vincennes.

Dus it bewiis is no levere dat Mata Hari wol deeglik in spionne wie?

Technysk sjoen wol. En de Frânske militêre rjochtbank stelde yn 1917 ek net folle fraachtekens by de telegrammen, mar feroardiele Mata Hari ta de deastraf. Op 15 oktober 1917 waard se fluks deasketten, de frou dy't har libben begûn as middenstânsdochter Margaretha Zelle yn Ljouwert, Europa ferovere as eksoatysk dûnseres, it bêd dielde mei tsientallen hege offisieren en mannen fan kwizekwânsje, mar úteinlik 'caught in the game' rekke.

Der binne lykwols ek oanwizingen dat Mata Hari by de poat naam is. Sa binne de telegrammen ferstjoerd yn in kodearring dêr't de Dútsers fan wisten dat Frankryk dy maklik ûntsiferje koe. Allinnich de Frânske transkripsjes binne bewarre bleaun. Dat sóe betsjutte kinne dat it saakje in opsette fal wie.

Wa tinkt dat?

Under oaren de Frânske publisist Jean-Pierre Turbergue en de Ingelske histoarikus Julie Wheelwright. Beiden dogge al desinnialang ûndersyk nei de saak en hawwe alle argyfstikken trochwrotten. Mei gastkonservator Yves Rocourt en in tsiental oare eksperts en sjoernalisten beseagen en besprutsen sy woansdei de stikken.

Mar dy argiven mochten toch presys hûndert jier nei de dea fan Mata Hari iepen? Dat is pas yn oktober fan dit jier!

Ja, dat ha we lange tiid tocht. Mar yn 2008 hat de Frânske oerheid in wet oannaam dy't dy termyn werombrocht nei 75 jier. Dat wie ús yn Fryslân efkes ûntkaam, en dêrom ha we feitlik ûnnedich lang wachte.

Dus it mystearje is noch altyd net oplost?

Nee. Sterker: it mystearje wurdt in belangrike pylder ûnder de eksposysje dy't heal oktober iepen gean sil en dêr't it Fries Museum hege ferwachtingen fan hat - ferlykber mei it grutte súkses fan de Alma Tadema-tentoanstelling fan 2016.

Mar Mata Hari hat sels gjin grutte skilderijen of keunstwurken makke. We moatte it dwaan mei objekten lykas de neamde telegrammen, oare argyfstikken (leafst 63 ferslaggen, artikels en prosesstikken út Vincennes), persoanlike parafernalia en brieven.

Om de útstalling dochs foar in breed publyk oansprekkend te meitsjen, set it Fries Museum fol yn op it mystearje Mata Hari. Publyk sil meinaam wurde yn de fassinaasje foar de myte. Margaretha fantasearre fan alles by elkoar om fan harsels in leginde te meitsjen, mar se wie ek in frou dy't bot skansearre wie troch har man dy't har mishannele, troch it fertriet omdat se har dochterke net sjen koe en har soantsje betiid ferlern hie. Se hie it dreech om as skieden frou oan de kost te kommen, twivele ek lang oft se yn Paris wol it libben oan de oare kant fan de earberheid liede woe; mar doe't se dy kar makke hie, gie se dêr ek fol foar. De gefaren naam se foar leaf.

Besikers sille al dizze gefoelens meibelibje, en dêrmei sille se ek har eigen libben oerweagje. It museum is der wis fan dat Mata Hari úteinlik elkenien by de kiel gripe sil.

Trefwurden: 
Mata Hari
(Advertinsje)
(Advertinsje)