Tûzenen Fryske bestjoerders dogge mei oan plysjekampanje
Tûzenen Friezen hawwe fia Facebook beloofd dat se net mei de mobile telefoan ompiele as se efter it stjoer fan de auto sitte. Rykswettersteat en de plysje hawwe dy aksje betocht om minsken der bewust fan te meitsjen dat it gefaarlik is om de telefoan te brûken ûnder it riden.
Facebookbrûkers dy't der oan meidienen, koenen in priis winne. De haadpriis is in ritsje mei de plysje, as dy op kontrôle giet. De wedstriid wie ûnderdiel fan in gruttere kampanje om de feilichheid op de A7 te ferbetterjen.