Tom van Mourik waarnimmend boargemaster fan Smellingerlân

06 jul 2017 - 15:12
Tom van Mourik - Foto: Gemeente Menameradiel

Waarnimmend boargemaster Tom van Mourik fan Menameradiel stapt oer nei de gemeente Smellingerlân. Kommissaris fan de Kening Brok hat him tongersdeitemiddei beëdige as waarnimmer dêr. Van Mourik folget Tjeerd van Bekkum op. Dy is direkteur wurden fan Kulturele Haadstêd. Van Mourik begjint 15 july.

Van Mourik is op syn minst oardel jier waarnimmend boargemaster yn Smellingerlân. Nei de gemeenteriedsferkiezingen fan takom jier komt der proseduere foar in kroanbeneamde boargemaster. Kommissaris Brok sil no op syk nei in waarnimmer foar Menameradiel.

(Advertinsje)
(Advertinsje)