'Magic flute' foar refalidearjende Friezen

06 jul 2017 - 14:26

By Revalidatie Fryslân yn Beetstersweach hat Mariëlle Weiland tongersdeitemoarn in muzykynstrumint krigen dat har goed helpe kin by har training en refalidaasje. It giet om in saneamde Magic Flute. Marïelle hat in beheining en kin har hannen net brûke. Se kriget de fluite fan de Stichting Muziekotheek. De stifting wol safolle mooglik minsken oan in muzykynstrumint helpe, ek al ha se in beheining.

In soad ynstruminten wurde oanpast of der wurdt in oare oplossing socht. Sa wurdt op dit stuit in alt-fluit omboud foar ien mei allinnich in linker earm.

(Advertinsje)
(Advertinsje)