Alle Fryske sikehuzen krije rôze lintsje

It rôze lintsje
De Fryske sikehuzen hawwe allegear it rôze lintsje krigen fan de lanlike Borstkanker Vereniging. Dat betsjut dat de pasjinten rekkenje kinne op boarstkankersoarch op it heechste nivo. Om dy soarch ek yn de takomst biede te kinnen, hawwe de sikehuzen ferline wike oankundige dat se noch mear gearwurkje sille op it mêd fan boarstkankersoarch.
Mei it rôze lintsje kin de kwaliteit fan boarstkankersoarch yn Nederlân metten en fergelike wurde.