"Underdûker siet stoofparkes te iten mei de besetter"

06 jul 2017 - 13:46

Wat binne de ferhalen efter de tûzenen ûnderdûkers dy't yn de Twadde Wrâldoarloch yn it geheim ûnderdak krigen by Fryske húshâldingen? Otto Kuipers fan Tresoar sammelet dy ferhalen op de webside Ondergedoken in Fryslân. Hy docht dat oan de hân fan saneamde dûkkaarten. "Dûkkaarten binne registraasjekaarten, dy't benammen nei de oarloch troch de 'Landelijke Organisatie voor hulp aan Onderduikers' (LO) opmakke waarden. Dat joech net allinnich ynformaasje oer wêr't yn Fryslân minsken ûnderdûkt sitten hienen, it hie ek in praktysk doel, om't de distribúsje fan bonnen foar iten nei de oarloch noch gewoan trochgie."

Ferhalen fan ûnderdûkadressen

Faak komme der koarte reaksjes by de dûkkaarten, dy't dan fuort online komme. "Fan ûnderdûkers of it gastgesin sels, mar faak ek fan de bern of bernsbern." Betiden krijt Tresoar ek langere ferhalen tastjoerd. "Wy kinne fansels net alles kontrolearje op feitlikheden, mar by langere anekdoaten kontrolearje wy earst wol op kontradiksjes. Guon saken kinne bygelyks net bard wêze op bepaalde mominten yn de oarloch. Dan helje minsken saken troch inoar, mar dêr komme we meastentiids wol út."

Underdûker yt stoofparkes mei de besetter

Kuipers krijt faak earnstige ferhalen ûnder eagen, mar der binne ek anekdoaten dêr't je dochs ek wol om laitsje kinne. "Sa krigen wy it ferhaal fan in ûnderdûkadres op it Gouverneursplein yn Ljouwert. De famylje dêr hie in ûnderdûker. Se wienen stoofparkes oan it iten en beaen ek foarbykommende Dútsers in hapke oan. Jûns nei it iten dienen se noch in spultsje en doe kaam de ûnderdûker nei ûnderen ta. Hy hie troch dat de sfear wol gemoedlik wie en gie der doe mar gewoan by sitten. Doe't de Dútsers ôfsetten, frege de gasthear oft se syn hûs noch kontrolearje woenen op ûnderdûkers. Nee, dat hoegde net."

(Advertinsje)
(Advertinsje)