Picknickkleedsjes tsjin Ljouwerter swalkôffal

© Omrop Fryslân, Alle Faber
Om swalkôffal yn de Prinsetún tsjin te gean, dielt de gemeente Ljouwert sûnt tongersdei fergees picknickkleedsjes út. Minsken kinne har ôffal kwyt yn it kleedsje en kinne as it iten op is, alles yn ien kear yn de prullebak smite. By it havenkantoar en by ferskate ûndernimmers yn it sintrum kinne de kleedsjes ophelle wurde. Mochten de kleedsjes in súkses wurde, dan wurdt besjoen oft se ek makke wurde kinne fan materiaal dat biologysk ôfbrekber is.