Frysk dambûn wachtet op erkenning offisjele tinksport

06 jul 2017 - 12:42

It Frysk Damjen hat ynternasjonale aspiraasjes. Takom jier wurdt der as ûnderdiel fan Kulturele Haadstêd yn Ljouwert in wier wrâldkampioenskip holden. Dat is dan foar it earst. Dielnimmers kinne har kwalifisearje op Frysk Damtoernoaien yn ûnder oare Tsjechië, Italië en Kamerûn. De Fryske dammers wolle boppedat graach dat it ynternasjonaal dambûn it Frysk Damjen erkent as tinksport. De kommende wiken sil it ynternasjonaal bûn dêr in útspraak oer dwaan. 

Ien fan de grutste damtoernoaien yn Fryslân, yn Frjentsjer, is ynternasjonaal ek tige populêr ûnder de spilers. Ien fan de grutste dammers ea, Vassily Ivanchuk fan Oekraïne, komt graach nei de Fryske stêd.

(advertinsje)
(advertinsje)