DE-direkteur hat dûbel gefoel oer njoggentich ûntslaggen

In dûbel gefoel hat direkteur Jos van Wilsum fan Douwe Egberts op De Jouwer dizze dagen. Oan de iene kant in fikse ynvestearring fan 37,5 miljoen euro yn it fabryk, oan de oare kant 90 minsken dy't dien krije. Dat koe net oars, seit Van Wilsum. De ûntslaggen binne nedich om in sûne takomst fan DE feilich te stellen. Foar de nije masines en wurkwize dêr't foar keazen is, binne minder minsken nedich.
Van Wilsum hat woansdei mei de minsken praat dy't ûntslach krije. En dat wiene emosjonele petearen.