Twa jonge ynbrekkers (16 en 17) by de kraach pakt

06 jul 2017 - 11:51
Ynbraak - Foto: ANP XTRA

De plysje hat tongersdeitemoarn betiid yn Drachten twa jonge ynbrekkers fan 16 en 17 jier op 'e die betrape. Nei in melding fan in fertochte situaasje yn de Jan Gelinde van Blomstrjitte, seach de plysje twa jonges fuortdraven. De jongste fertochte, út Drachten, koe fuortendaliks oanholden wurde. De 17-jierrige sûnder fêst wenplak wist te ûntkommen. Hy koe efkes letter op it Noorderend oppakt wurde. De Drachtster hie guod by him dat út de wenning oan de Jan Gelinde van Blomstrjitte kaam. Beide fertochten sitte fêst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)