Hy stiet op Wimbledon, mar wa is tennisser Sander Arends?

06 jul 2017 - 11:45

Foar tennisser Sander Arends komt tongersdeitemiddei in dream út. Hy stiet foar it earst yn syn karriêre yn it haadskema fan in Grand Slam en ek noch op syn favorite toernoai Wimbledon. Mei syn dûbelpartner Hsien-Yin Peng út Taiwan spilet er om 12.30 oere Nederlânske tiid syn earste ronde partij yn it manljusdûbel. Mar wa is de relatyf ûnbekende 25-jierrige Sander Arends eins?

Ljouwert

De 1.96 meter lange, rjochtshandige Arends waard yn 1991 berne yn Ljouwert en learde it tennisjen fan syn heit en mem, dy't in tennisskoalle yn Ljouwert ha. Hy hat him yn de rin fan de jierren talein op it dûbelspul en is sûnt trije en in healjier prof. Arends stiet op it stuit 163e op de wrâldranglist foar dûbelspilers en beheart ta de top fan Nederlân. 

Blessuere

Troch in knibbelblessuere stie Arends in healjier oan de kant, mar makke yn juny in súksesfolle rentree op de tennisbaan. Mei dûbelpartner Peng helle er prompt de heale finale fan in Challenger-toernoai yn Frankryk. 

Dream

Arends en Peng mochten troch harren plak op de wrâldranglist fia it kwalifikaasjetoernoai fan Wimbledon besykje om harren te pleatsen foar it haadtoernoai. "Wimbledon is het allerhoogst haalbare voor een tennisser. Het heilige gras in London, dat is mijn droom! Eerst het hoofdtoernooi halen en uiteindelijk is mijn grootste droom om daar de beker omhoog te houden", seit Arends.

In oar doel fan de Ljouwerter is om de top 100 te berikken. Yn oktober foarich jier wie er dêr tichtby, doe't er 103e stie.

Haadtoernoai

De Ljouwerter en syn partner waarden lykwols yn de kwalifikaasje mei 7-6 6-4 útskeakele troch de Sweden Johan Brunström en Andreas Siljeström. De dream fan Arends like dêrmei foarby. Troch de ôfmelding fan in oar dûbelpear, meie Arends en Peng lykwols dochs meidwaan oan it haadtoernoai. Yn dy earste ronde is it duo tafalligerwize opnij keppele oan de Sweden Brunström en Siljeström."Een mooiere kans op revanche krijg je niet", seit in tige lokkige Arends. 

Yn febrewaris dit jier makken wy al in fideoreportaazje oer Sander Arends:

(Advertinsje)
(Advertinsje)