SP stelt fragen oer ûntbrekken tiltmeters by Top en Twel

06 jul 2017 - 11:39
Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De steatefraksje fan de SP yn Fryslân wol fan deputearre Schrier dúdlikheid oer de pleatsing fan tiltmeters by Toppenhuzen en Twellingea. De Twadde Keamer naam earder in moasje oan wêryn't stie dat dy meters der komme soene, op it stuit dat it bedriuw Vermilion by Top en Twel begjinne soe mei gaswinning.

Mei tiltmeters moat it makliker wêze om te mjitten watfoar skea der krekt ûntstiet yn bygelyks gebieten dêr't gas út de grûn helle wurdt. Neffens SP lûkt minister Kamp him fan dy moasje lykwols neat oan. De SP wol fan deputearre Schrier witte wat dy dwaan sil om derfoar te soargjen dat de meters dochs noch pleatst wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)