Ekstra brânstofkosten fan ferfierbedriuwen foar eigen rekken

06 jul 2017 - 11:10
Foto: ANP

Ferfierbedriuwen hawwe gjin rjocht op kompensaasje foar ûnferwachts hege brânstofkosten dy't se yn 2007 en 2008 makke hawwe. It Hôf yn Ljouwert hat bepaald dat bedriuwen as Arriva en Connexxion gjin jild krije fan de provinsjes dêr't se it iepenbier ferfier foar fersoargje, lykas Fryslân. Se hiene hope op miljoenen euro's oan kompensaasje omdat de diselprizen flink omheech gien wiene.

It Hôf hat alle claims ôfwiisd, sa docht bliken út it arrest dat tongersdei publisearre is. Earder hie de rjochtbank oardiele dat it gjin kwestje is foar de boargerlike rjochter. Dêr is it Hôf it net mei iens. De rjochter mei de foarderingen wol ynhâldlik toetse, mar de útkomst is dus dat de iepenbier ferfierbedriuwen nul op it rekest krije.

De Federatie Mobiliteitsbedrijven Nederland FMN lit yn in reaksje wite dat se de útspraak fan it gerjochtshôf bestudearje sille.

(Advertinsje)
(Advertinsje)