It Amelân nimt Gouden Quality Coast Award yn ûntfangst

It Amelân © Omrop Fryslân, Remco de Vries
De gemeente It Amelân hat tongersdei de gouden Quality Coast Award krigen. Se meie harsels oer 2017 en 2018 ynternasjonaal in griene en duorsume toeristyske bestimming neame mei each foar minsk en natoer. It eilân is beoardiele op 100 kritearia lykas toeristysk belied, natoer, lânskip, miljeu, kultuer en tradysje en gastfrijheid. Neist It Amelân binne der noch seis gemeenten dy't dizze titel drage meie. It Amelân is hjirfan it iennichste Waadeilân.