Mooglik wetterstofstasjon by Feanster bedriuweterrein IBF

© ANP
In geskikt plak foar it bouwen fan in wetterstoftankstasjon op It Hearrenfean soe wat de gemeente oanbelanget by it ynternasjonale bedriuweterrein IBF wêze. Neffens de gemeente is de hoeke Saturnus-Zestienroeden, noardeast fan it carpoolplak, in ideale lokaasje fanwegen de goede berikberens. Ferline wike kundigen trije bedriuwen yn Noard-Nederlân oan om it riden op wetterstof hjir in ympuls jaan te wollen. Neist It Hearrenfean soe ek Ljouwert in wetterstoftankstasjon krije yn de plannen fan de bedriuwen. De inisjatyfnimmers tinke dat oerheden en grutte bedriuwen earder oerstappe op wetterstofauto's as der mear lokaasjes binne dêr't se tanke kinne. It is de bedoeling dat der kommende jierren mear wetterstoftankstasjons bykomme. De aksjeradius fan in wetterstofauto is sa'n 800 kilometer.