Groep 8 snuffelet omraak by Grouster bedriuwen

06 jul 2017 - 08:59

Fyftich bern fan de groepen acht fan basisskoalle De Twa Fisken yn Grou sille tongersdei te staazjerinnen. By in grut tal bedriuwen yn it doarp sille se in dei meirinne, mar bedoeling is dat se sels ek echt de hannen út de mouwen stekke sille. De snuffelstaazje waard foarich jier foar it earst hâlden, en dat wie sa'n súkses dat it dit jier in ferfolch krijt. Bedriuwen dêr't de skoalbern ûnder oaren mear oer leare kinne binne by in arsjitekteburo, brânwacht, hoareka, bakkerij, notariskantoar, berne-opfang, boerebedriuw, detailhannel, feedokter ensafuorthinne.

Ilselyn Kramer rint hjoed staazje by Atelier Michel Koene dêr't se materiaal meitsje foar minsken mei in mearfâldige beheining. "Ik wil zelf graag de medische kant op, want ik wil arts worden. Vandaag gaan we een aangepast krukje maken."

Oriïntearje op takomst

Skoalmaster Hans Nieuwenhuis fan groep 8A is entûsjast oer de snuffelstaazje. "Bern kinne aktyf meidwaan yn it bedriuwslibben. It is in brede oriïntaasje foar letter. sa kinne se alfêst neitinke oer har takomst. Wat ûnderfining opdwaan en sjen wat se leuk, en miskien minder leuk, fine." Juf Jeltje Dussel fan groep 8B follet him oan: "Ze leren ook met mensen omgaan, jezelf voor te stellen en te ontdekken wie je bent en waas je naar toegaat."

(advertinsje)