It Bilt beneamt twa BildtSkrivers

Skriuwers Hein Jaap Hilarides en Gerard de Jong wurde tongersdeitejûn beneamd ta 'dichters en skrivers der gemeente ’t Bildt'. Oardel jier lang sille de BildtSkrivers de gemeente yn it ljocht sette, yn it Biltsk fansels. "’t Is fansels ’n hele eer om de gemeente te ferteugenwoordigen," seit Hilarides. De bedoeling is dat hy en De Jong ienris yn 'e moanne in gedicht, lietsje, kollum of proaza yn it Biltsk skriuwe. In bysûndere beneaming, om't de gemeente yn 2018 opgiet yn de nije fúzjegemeente Waadhoeke. Al bliuwt it Biltsk yn dy nije gemeente fansels wol bestean.

"Wij binne hier wonnen an de meertalige sitewasy. Dat lykt mij gyn probleem. Maar at je niks foor de taal doen, gebeurt d’r ok niks. Je motte wel wat doen en d’r überhaupt foor sorge dat ’t Bildts onder de andacht bliift. Wij nimme ôns ferantwoordlikhyd in elk gefal heel serieus."