Kollum: "Stilte"

"Ik ha in nije waskmasine. En bliksems, wat in apparaat is dat. Hy kaam tiisdei en ik ha der suver de hiele dei oer twittere. Ja, belachlik, mar ik bin nochal ûnder de yndruk. Foaral fan it feit dit ding mûsstil is.
Waskmasinen en ik ha nea in goeie kombinaasje west. Fan myn alderearste skuorde ik op de earste dei dat ik ‘m hie al de doarhendel ôf. Doe’t ik ferhuze, moast ik ien nei fjouwer heech sjouwe - net te dwaan. Ik kaam der achter dat se betonblokken yn dy kringen 'stopje' om se stabiler te krijen. En dêrnei ferhuze ik nei it hûs dêr’t ik no wenje. Mei de eardere ûnderfining yn gedachten, ha ik dy waskmasine dy’t hjir al stie doe oernommen.
Gjin fan dizze masinen hat mear koste dan strikt needsaaklik. En wat krigest dan…. krekt…In lûde masine.
Dit is trouwens in rekonstruksje, want ik hie sa’n hekel oan myn âlde masine dat ik der nea oan tocht ha om it lûd op te nimmen. Mar sa klonk 'ie ûngefear. Einliks wie it noch slimmer, want hy bonke mei it sintrifugearjen alle kanten op. It wie mear it lûd fan in metalen ôffalbak dy’t by fiif treppens nei ûnderen dondere, oandreaun troch in strielmotor. Wannear’t dat barde yn myn hûs en de telefoan gong, dan moast ik belje mei in finger yn m’n ear.
Ik die de wask dan ek net graach. As it heal koe, sette ik dat ding oan wannear’t ik fuort gong. Leuk foar de buorlju ek. Wat yn elk gefal net koe, wie waskje én voice overs ynsprekke. Op woansdei die ik nea de wask, want dan moast ik dizze column opnimme.
In freondinne frege har in kear ôf wêrom't we al yn steat binne om ús eagen ticht te dwaan, mar net ús earen. Dat is 'inderdaad' mis gien yn de evolúsje. Nachts, of oerdei wannear’t je je konsintrearje wolle, of by in ferfelend petear, of mei swimmen… it soe hiel handich wêze. Mar it is no ien kear in gegeven. Ik begryp dêrom ek net wêrom't apparaten safolle lawaai meitsje.
Myn top trije: kofje-apparaten yn kafee’s, kuol- en fentilaasje-apparatuur en mei stip op ien: waskmasinen. It liket soms wol oft apparaten ûntwikkele wurde sûnder dat der ea ien neist stean giet om te lústerjen.
Ik hie ek net yn ‘e gaten dat it oars koe. Mar sykjend nei in nije waskmasine kaam ik der achter dat waskmasinen ek flinke stappen makke ha, yn de ôfrûne jierren. De masine dy’t ik no ha, hat in ljochtsje yn ‘e trommel. Hy hat spesjale waskprogramma’s foar spikerbroeken, en foar skuon, of fitraazje. Hy kin de wask drûgje, der kinne kapsulen mei spesjaal waskmiddel yn, kinst de wetterhurdheid ynstelle, wêr’t er dan rekken mei hâldt, hy kin sels bepale hoefolle waskmiddel nedich is, is dus suniger mei waskmiddel, mar ek mei wetter en enerzjy, en hielendal hip: der sit wifi op!
It is noch in ynvestearring ekstra, mar dan kinst op in app sjen hoelang't de masine noch dwaande is, hoefolle waskmiddel der noch yn de automatyske 'dispensers' sit en wannear’t it op is, bestelst mei ien druk op de knop nije. Ik wit net of ik dat brûke wol.
Ik stean foaral fersteld fan de stilte. Miskien hast ’t net iens heard, mar hy stiet al in skoftke oan, op ‘e eftergrûn… Wacht, ik set it wat lûder. Oh, dy rêst. Gjin strielmotor mear, gjin gebonk mear.
It kostet in pear sinten, mar dan ha je ek wat. Ik hoopje dat we gau auto’s, frachtauto’s, trams, JSF’s, kofje-apparaten en scooters fan dit merk krije. Of ien moat my leare hoe’t ik myn earen ticht dwaan kin."