Nard Brandsma wint fierljeppen It Heidenskip

05 jul 2017 - 22:19

Nard Brandsma by de senioaren, Marrit van der Wal by de froulju, Freark Kramer by de junioaren, Wietse Nauta by de jonges en Sigrid Bokma by de famkes pakten by it fierljeppen de deititel yn It Heidenskip. Nard Brandsma, ek de lieder yn it klassemint, ljepte 20.40. Sytse Bokma waard twadde mei 20.14. Marrit van der Wal wûn mei 14.99, Sigrid Bokma sprong mei 15.26 by de famkes fierder.

Freark Kramer kaam nei 18.29 yn it sânbêd, Wietse Nauta wûn mei in persoanlik rekôr fan 18.43.

Fierder wiene der noch persoanlike rekôrs foar Feike Stellingwerf (18.20 by de junioaren), foar Abe-Luuk Stedehouder (16.69 by de jonges) en yn de famkesklasse foar Fardau van Akker (14.92) en Simone van der Hoek (12.49).

(Advertinsje)
(Advertinsje)