'Goose busters' oplossing guozzeprobleem?

05 jul 2017 - 20:57

Der moat in profesjoneel 'ferjeiteam' komme om guozzen ôf te sjitten. Dy 'goose busters' moatte ynset wurde as de jagers sels net genôch kapasiteit hawwe, sei steatelid Nynke Koopmans. De VVD stelt dat der tefolle guozzen binne dy't skea oan it lân tabringe en boeren mei ekonomyske skea opskypje.

"Ofsjitten is moard"

Provinsjale Steaten prate woansdeitejûn oer it plan om op jierbasis likernôch 200.000 guozzen ôf te sjitten. Fraksjefoarsitter Rinie van der Zanden fan de Partij voor de Dieren fynt dat guozzen sa 'fermoarde' wurde. Sy is bot tsjin.

"Natuerynklusive lânbou"

Natuerorganisaasjes It Fryske Gea en Natuermonuminten wolle ek dat de guozzen net ôfsketten wurde. De oplossing leit yn 'natuerynklusive lânbou', sizze se. Dat betsjut dat de lânbou rekkening hâldt mei de natuer.

Trefwurden: 
Goose busters
(Advertinsje)
(Advertinsje)