Sander Arends dochs earste Fries op Wimbledon

Sander Arends komt tongersdei dochs noch yn aksje op Wimbledon. Mei syn maat Hsien-Yin Peng út Taiwan spilet er yn de earste ronde tsjin Johan Brunström en Andreas Siljeström út Sweden. Arends is de earste Fries ea dy't spylje sil op it 'hillige gers' fan Wimbledon.
Reservelist
Arends mei meidwaan om't it duo Troicki/Zimonjic him weromlûke moat út it toernoai. Troicki hat lêst fan in blessuere oan de rêch. Omdat de Ljouwerter dûbelspesjalist yn de lêste ronde fan de kwalifikaasje ferlern hie, stie er op de reservelist as saneamde 'lucky loser'. Dêrtroch mei er no dochs noch meidwaan.
Yn de lêste kwalifikaasjeronde spilen Arends en Peng ek al tsjin Brunström en Siljeström. Doe waard it 7-6 6-4 foar de Sweden. "Een mooiere kans op revanche krijg je niet", seit in tige lokkige Arends.