Twan Verseput wint opnij wrâldtitel speedsurfen

05 jul 2017 - 20:18

Twan Verseput fan Aldehaske is yn Spanje opnij wrâldkampioen speedsurfen wurde, diskear fan alle leeftiidsklassen. Nei trije wedstriiddagen stie er al boppe-oan. Hy wist syn foarsprong yn de restearjende trije wedstriden goed fêst te hâlden. De wedstriid waard hâlden by it Kanaryske eilân Fuerteventura (Spanje).

Verseput docht dit jier mei oan ferskate wrâldkampioenskippen yn meardere leeftiidskategoryen. Ien fan syn doelen is om yn it totaalklassemint fan alle kampioenskippen de bêste te wêzen. Hy docht dit jier yn Namibië in goai nei it wrâldrekôr. Dat stiet op it stuit op 97,6 kilometer yn 'e oere gemiddeld oer in ôfstân fan 500 meter, mar Twan tinkt dat hy dat ferbetterje kin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)