Besikers witte it paad nei It Hearrenfean wer goed te finen

It sintrum fan It Hearrenfean kriget wer folle mear besikers. It Hearrenfean is ien fan de plakken dy't der lanlik útspringe as it giet om besikersoantallen yn de earste seis moanne fan dit jier. De sifers fan It Hearrenfean lizze 30 prosint heger as yn deselde perioade ferline jier. Dat docht bliken út ûndersyk fan retail-advysburo RMC, dat mei apparatuer it tal passanten yn in winkelgebiet mjit.
Benammen de middelgrutte stêden en plakken dogge it goed. It Hearrenfean is ien fan de plakken dêr't it publyk de wei wer hinne fûn hat. Dêrnjonken hat it plak mar 8 prosint leechstân. Allinnich Snits hat in better sifer op dat mêd.
Winkeljend publyk kin op It Hearrenfean út sa'n 250 ferskillende winkels kieze. In protte kar foar sa'n yn ferhâlding lyts plak. It is dan ek ien fan de sterke punten fan It Hearrenfean, seit sintrummanager Peter de Vries.