Frysk IIsbûn komt mei iiskaart foar feilich reedriden

05 jul 2017 - 18:16
De Brekken by Snits - Foto: FOJOB Mediawerk

De temperatueren gean rjochting de simmerske wearden, mar dochs presintearret it Frysk IIsbûn dizze wike in online-iiskaart. Wannear't it begjint te friezen, hâldt it bûn op dy kaart by wêr't it iis sterk genôch is om reedride te kinnen. Der stiet ek ynformaasje op oer reedrydtochten en aktiviteiten, oer de ferskillende iiswegesintrales en oer it Frysk IIsbûn sels.

De nije site fan it iisbûn, mei iiskaart, giet no freedtemiddei offisjeel online yn hotel-restaurant Goerres yn Akkrum.

(Advertinsje)
(Advertinsje)