SC Cambuur leit Feyenoord-talint fêst

05 jul 2017 - 16:36

SC Cambuur hat Nigel Robertha oernaam fan de beloften fan Feyenoord. De 19-jierrige spits hat in kontrakt tekene dat him foar twa jier oan de klup ferbynt. Technysk direkteur Gerald van den Belt is wiis mei de komst fan de jeugdynternasjonal, mar ek realistysk. "Robertho is talentvol en krijgt bij ons de tijd zich verder te ontwikkelen".

Robertho makke op 1 maaie 2016 syn offisjele debút foar Feyenoord yn de útwedstriid tsjin Willem II. "Ik hoop bij Cambuur een grote jongen te worden."

(Advertinsje)
(Advertinsje)