Nei de simmer net mear smoke op skoalpleinen Drachten

05 jul 2017 - 16:30
Foto: Omrop Fryslân

Op it skoalplein fan de lokaasjes De Venen fan OSG Singelland en De Ring fan CSG Liudger yn Drachten mei yn augustus by de start fan it nije skoaljier hielendal net mear smookt wurde. De beide skoallen rinne dêrmei foarút in lanlik ferbod dat yn 2020 yngiet. De direkteuren fan de beide fêstigingen fûnen lykwols dat der gjin reden wie om noch trije jier te wachtsjen.

Op it skoalplein stie noch in oerdutsen smookplak. Dat is yntusken al fuorthelle. It ferbod jildt foar sawol learlingen as personiel. Nei de simmer kriget elk dy't dat wol de mooglikheid om mei te dwaan oan in kursus om op te hâlden mei smoken. De oerkaping fan it smookplak hat in nij plak krigen: learlingen dy't strjitmeitsjen leare.

Trefwurden: 
smookferbod skoalle De Ring
(advertinsje)
(advertinsje)