Eksperts besjogge spoaren fan Mata Hari

05 jul 2017 - 17:33

In team fan eksperts út binnen- en bûtenlân is dizze wike yn Rotterdam en Parys foar de tariedings op in tentoanstelling oer Mata Hari. Dy begjint yn oktober yn it Fries Museum yn Ljouwert.

As earste beseach de groep de 14 stikken dy't yn maart oankocht binne op in feiling. It Fries Museum kocht de stikken fan famylje fan Rudolph MacLeod, de eks-man fan Mata Hari, dy't as Margaretha Zelle yn Ljouwert berne is. It giet om ûnder oare in brosj, mar ek brieven út de tiid dat it echtpear yn Nederlânsk-Ynje wenne en it boek Ons Kindje. Dat is in soarte fan 'Groeiboek'. Beide bern fan Margaretha wurde dêryn beskreaun: Norman (1897) en Nonnie (1898).

Yn Frankryk besjogge de eksperts de argiven en brûklienen fan it militêr argyf yn Vincennes en Musée Guimet.

Trefwurden: 
Mata Hari Fries Museum
(Advertinsje)
(Advertinsje)