Strangere lûdsnoarmen muzykpoadia Snitswike

Slotkonsert fan in eardere edysje fan de Snitswike © Omrop Fryslân, Dirk Baron
Foar de earste kear moatte de muzykpoadia by de Snitswike yn Snits dit jier rekken hâlde mei strange lûdsnoarmen. Op de jûn fan de tradisjonele floatskou by de Wetterpoarte is 85 desibel it heechst tastiene lûdsnivo. Op oare jûnen is 82 desibel de noarm. Troch de noarmen, kin de gemeente better yngripe by klachten. De muzykpoadia yn de binnenstêd fan Snits lizze tichteby huzen. Neffens boargemaster Apotheker soe in te strakke noarm it evenemint ûnmooglik meitsje, mar hy fynt gjin noarm ek net langer in opsje. Bewenners fan de binnenstêd witte dat it Snitswike is, seit de boargemaster. Oer it generaal kinne sy dêrmei libje, mar der binne ek wol klachten en beswieren. Mei de organisaasjes fan de eveneminten is ôfpraat dat sy de lûdsprekkers op de poadia sa opstelle dat omwenners sa min mooglik lêst hawwe.
De gemeente sil yn de Snitswike mjittingen dwaan by de huzen dy't it tichtsteby de poadia stean.