Drachtsterbrêge Ljouwert tydlik ôfsluten foar ferkear

05 jul 2017 - 15:36
De Drachtsterbrêge yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Autoferkear dat woansdeitejûn fan de súdkant ôf Ljouwert yn wol, kin net oer de Drachtsterbrêge. De ôfsluting duorret oant tongersdeitemoarn seis oere.

De dyk wurdt oanpast op it nije akwadukt ûnder it Van Harinxmakanaal, dat begjin takom moanne yn gebrûk nommen wurdt. Sa wurde de buorden by de dyk alfêst oanpast. It ferkear dat de stêd yn wol, wurdt no omlaat oer de Overijsselselaan. It fytspaad en it paad foar fuotgongers bliuwe wol iepen. Ek ferkear dat de stêd út wol, kin gewoan oer it Drachtsterplein.

Trefwurden: 
Drachtsterplein
(Advertinsje)
(Advertinsje)