Weststellingwerf iepenet ynfopunt foar Kulturele Haadstêd

05 jul 2017 - 15:13
Yn de biblioteek yn Noardwâlde komt in ynformaasjepunt foar Kulturele Haadstêd 2018 - Foto: Google Streetview

Yn de biblioteek fan Noardwâlde wurdt nije wike tiisdei in ynformaasjepunt iepene foar Ljouwert Kulturele Haadstêd. It giet om it earste fan trije ynformaasjepunten fan Weststellingwerf. De regionale ynformaasjepunten binne bedoeld om besikers en ynwenners mear te fertellen oer wat takom jier allegearre te rêden is yn Ljouwert. Dêrfoar hoege minsken dan net hielendal nei de Blokhúspoarte yn Ljouwert.

It ynformaasjepunt yn Noardwâlde is in inisjatyf fan twa nije regio-ambassadeurs fan Weststellingwerf. Mei 34 oare frijwilligers binne sy begjin dit jier frege om ynformaasje te jaan oer Kulturele Haadstêd. De oare twa ynformaasjepunten komme yn Et Proeme Nust yn Skerpenseel en yn de biblioteek yn Wolvegea.

(advertinsje)
(advertinsje)