Brantsje troch koartsluting ôfwaskmasine yn Boalsert

De brânwacht ûntduts dat de brân feroarsake wie troch koartsluting yn de ôfwaskmasine © Rudy Bouma
Oan de Knetemanstrjitte yn Boalsert hat tiisdeitemiddei koarte tiid brân west. Yn de wenning hong in brânlucht. Doe waard de brânwacht warskôge.
Brânwachtminsken hawwe ûndersyk dien yn it hûs en ûntdutsen dat der koartsluting ûntstien wie yn de ôfwaskmasine. De skea yn it hûs oan de Knetemanstrjitte falt ta. De brânwacht koe gau werom nei de kazerne.