Fryske slachter docht mei oan RTL-programma

05 jul 2017 - 14:58

Wiebe Merkus (19 jier) fan Jistrum hat gouden fingers. Hy wurket by slachter Otte Broersma en yn maaie wûn er fjouwer bekers op de Ynternasjonale Young Butchers Competition. No mei er meidwaan oan it RTL-programma 'Van slager tot chef' dat yn oktober en novimber útstjoerd wurdt op telefyzje.

Kampioen

"Ik bin der altyd mei dwaande, it moaiste fyn ik dat it in ambacht is. It begjint mei in ko yn de greide en it wurdt in byfstik op de toanbank. Der wat moais fan meitsje, dat fyn ik moai. We brûke alles fan de hiele ko, minsken kinne ek foar wat apart by ús telâne," fertelt Wiebe Merkus. Hy is op syn 15e al begûn by de slachter en folge de slachtersfakskoalle. Hy is Nederlânsk kampioen learling-slachter wurden en op in Europeeske wedstriid waard er yndividueel tredde en stie er op it poadium by ferskate ûnderdielen as it útbonkjen fan in ko, it meitsjen fan in rollade en de presintaasje fan in rib fan in baarch.

Telefyzjestjer

Fia in Facebookberjocht is er frege foar it telefyzjeprogramma. "Se fregen my oft it my wat talike. No dat woe ik wol. Ik ha in sollisitaasjebrief skreaun en moast nei in screendei yn Rotterdam. Dêr bin ik selektearre foar it programma. Op 29 augustus binne de opnamen."

Trefwurden: 
Wiebe Merkus slachter
(Advertinsje)
(Advertinsje)