Op N351 en N381 komme trajektkontrôles

05 jul 2017 - 14:45

Fryslân krijt trajektkontrôles op twa provinsjale diken. It giet om de N351 tusken Wolvegea en Easterwâlde en om de N381 tusken Drachten en Donkerbroek. By in trajektkontrôles wurdt de snelheid oer in gruttere ôfstân metten.

Ut ûnderfining docht bliken dat autobestjoerders har dan better oan de snelheid hâlde. De plande trajektkontrôles komme op diken dêr't yn ferhâlding in protte ûngelokken barre. Trajektkontrôles binne oant no ta foaral op autodiken, wylst op provinsjale diken mear ûngelokken binne. Yn hiel Nederlân binne alve lokaasjes keazen. Dy binne, njonken de twa plakken yn Fryslan, yn Flevolân, Limboarch, Utert en Seelân.

Trefwurden: 
trajektkontrôle N35 N351 N381
(Advertinsje)
(Advertinsje)