Trije oerfalfertochten op snackbar nei in jier oanhâlden

05 jul 2017 - 14:29
Patat - Foto: ANP

Hast in jier nei de oerfal op de snackbar oan de Jan van Scorelstrjitte yn Ljouwert hat de plysje trije fertochten oanholden. It giet om in 20-jierrige frou en twa manlju fan 32 en 42 jier út Ljouwert en Frjentsjer.

By de oerfal op 30 augustus ôfrûne jier waard it personiel bedrige mei in fjoerwapen. De oerfallers naaiden út mei de ynhâld fan de kassa. De eigener doarde pas nei trije dragen oanjefte te dwaan. Mei help fan tsjûgen kaam de plysje de 20-jierrige frou op it spoar, wêrnei't ek de twa oare fertochten yn byld kamen. Der is proses-ferbaal tsjin it trio opmakke.

Trefwurden: 
oerfal snackbar
(Advertinsje)
(Advertinsje)