Tabak út it sicht, automaat giet fuort

05 jul 2017 - 13:39

Utsein spesjaalsaken moatte ferkeappunten lykas supermerken en tankstasjons yn de takomst alle smokersguod út it sicht ha. De maatregel moat de jongerein beskermje om de ferlieding fan it smoken te wjerstean. Ek is it wichtich foar minsken dy't al opholden binne, of ophâlde wolle mei it smoken.

Dat is de útwurking fan it útstalferbod foar tabaksprodukten van steatssekretaris Martin van Rijn. Troch it ferbod ferdwynt ek de selsbetsjinning troch automaten sa as faak yn de hoareka it gefal is. Selsbetsjinning makket it keapjen fan bygelyks sigaretten te ienfâldich en oantreklik. Sigaretten meie dêrom fan 2022 ôf allinne noch troch personiel pakt en ôfrekkene wurde. Supermerken moatte yn 2020 de smokerij al út it sicht ha.

Trefwurden: 
tabak smokersguod automaat
(advertinsje)
(advertinsje)