Frysk befeiligingsbedriuw hat drokte op Schiphol

05 jul 2017 - 12:04

It Fryske befeilingsbedriuw Schaaf Event Solution (SES) út Grou leveret fan 19 july ôf alle wiken sa'n 70 befeiligers oan Schiphol. Dy moatte helpe by de ekstra befeiliging by flechten nei ûnder oaren Amearika.

De feilichheidsmaatregels wurde hieltyd grutter, nei de resinte oanslaggen yn Europa. Net allinnich de hânbagaazje, mar ek alle oare koffers en tassen moatte no skerp kontrolearre wurde en dêrfoar binne in soad ekstra minsken nedich.

Schaaf hat earder by Schiphol wurke, yn 2000. "Doe ha we ek minsken levere. Us namme wie al bekend, en no binne we wer frege," fertelt Marc Schaaf. Sa't it no liket sille se trije moannen bliuwe. It bedriuw hat 175 zzp-ers oer hiel Nederlân en kin stipe oproppe fan in tal bedriuwen yn it lân dêr't se mei gearwurkje. "We kinne foars opskale as it moat."

Trefwurden: 
Schaaf befeiliging Schiphol
(Advertinsje)
(Advertinsje)