Nije Hielke en Sietse Klinkhamer fan de Kameleon bekend

05 jul 2017 - 11:20
Foto: KRO-NCRV

Duke en Scott út Waddinxveen sille de rollen fan Hielke en Sietse Klinkhamer spylje yn de nije Kameleon-searje fan regisseur Steven de Jong. De 12-jierrige twaling is keazen út mear as hûndert twalingen dy't harren oanmeld hiene. De opnamen begjinne dizze simmer en binne ûnder oare yn Snits en Terherne en by it Woudagemaal op 'e Lemmer.

Der wurde yn gearwurking mei de KRO-NCRV tolve ôfleveringen opnommen, dy't kommend jier útstjoerd wurde op NPO Zapp. Duke en Scott binne al begûn mei de earste tariedingen, se leare ûnder oare hoe't je yn in speedboat farre.

Trefwurden: 
Kameleon Steven de Jong
(Advertinsje)
(Advertinsje)