Minder wenningútsettingen by goed draaiend Elkien

Elkien © Elkien
It tal hierders fan wenningkorporaasje Elkien dat útset wurde moat, is yn fiif jier tiid mei hast de helte sakke. Waarden der yn 2012 noch 46 huzen ûntromme, yn 2016 wiene dat der noch 28. Elkien sjocht wol dat de redenen om minsken út te setten feroare binne. Minder faak is sprake fan hiereftserstân, faker fan oerlêst en en himpkwekerijen.
Dat docht bliken út de jiersifers oer 2016 fan de wenningkorporaasje. Elkien hat in posityf bedriuwsresultaat helle fan hast 24 miljoen euro. Dat jild sit net yn de kas, mar is ynvestearre yn stiennen. It is benammen brûkt om besteande huzen duorsumer te meitsjen.