FIDEO: Hellet Simone de 100 treden mei 40 kilo oan?

Binnen twa minuten in trep fan 100 treden op, mei 40 kilo ekstra gewicht. Dat moatte brânwachtminsken helje by de kondysjetest. Ferslachjouwer Simone Scheffer, de meast sportive Omropper dy’t der is, giet de útdaging oan yn de brânwachtkazerne op It Hearrenfean. “Ik heb het nog nooit gedaan, dus ik denk dat ik het kan, sa’t Pippi Langkous altyd seit en dat is ek myn motto.” Se hat in brânwachtpak oan, in helm op, skuon en moffen oan. Brânwachtminsken ha ek noch in soerstofmasker op, mar dat hie Simone by dizze test net.
Smokkelje
Nei 25 treden begjint se al flink te hymjen. “Ik smokkelje even, eins meist dy net ergens oan beethâlde, mar ik pak al even de trepleuning. It is echt swier.” Coach Renze begeliedt har fierder. Op de helte moat Simone even stean. “Dit is echt hartstikke....” Mei noch tweintich treden te gean krijt se it benaud. “Ik wurd dûzelich, it is sa swier, ik moat wat ôf.” De helm giet ôf. “Ik bin dus net sa sterk, mar it praten makket it ek swierder. Dit is echt ongelofelijk.”
Teloarsteld
Uteinlik komt Simone ta 95 fan de 100 treden. “Ik bin swier teloarsteld yn mysels. Ik denk dat ik het kan, op 5 treden nei dus... No earst útpûste en dan dûse.”
Froulju
Sels de sportyfste minsken fine dit ûnderdiel swier, fertelt coach Renze. De keuring bestiet út tolve ûnderdielen en is in soarte fan apekoai. “We simuleren brand, dus je moet slangen uitrollen en aankoppelen, een trap op en neer lopen, alles wat je tegenkomt bij een brandincident,” fertelt Jelmer Dam fan de brânwacht. “We doen dit voor de veiligheid van de mensen, men moet een bepaalde activiteit kunnen doen binnen een risicovolle omgeving.”
De ferplichte kondysjetest is krektlyn fernijd en soe foar froulju no te swier wêze. De froulju moatte oan deselde - swiere - easken foldwaan as de mannen. In protte froulju binne net by de brânwacht en mooglik wurde it dus noch minder.