Kollum: "Burokrasy"

05 jul 2017 - 08:50

"It CDA yn Weststellingwerf hat in spesjaal meldpunt yn it libben roppen. Dêr kin minsken har dus melde. Net as se te min jild ha, of as se in minne fersoarging krije as se siik binne. Nee, se kin har dêr inkeld melde as se lêst ha fan burokrasy yn de gemeente Weststellingwerf. It mei nammentlik net sa wêze, sa hat fraksjefoarsitter Albert van der Berg sein, dat burokrasy de minsken yn it paad sit as se wat regelje wolle by de gemeente. No hoopje ik dat as immen dêr yn Wolvegea freget om grûn foar in wapenfabrykje, dat Weststellingwerf dochs wol regels hat om him tsjin te hâlden. Likegoed, Van der Berg hat gelyk. Oerstallige burokrasy en formalisme is net noflik foar de boarger. Wol foar de amtner, dy’t sizze kin dat neffens de regels jo oer trijekwart jier noch mar ris lâns komme moatte. Dan soe it moai wêze as der dan ek in regel bestean soe dat amtners dy’t dat sizze daliks ûntslein wurde moatte. Mar dy amtner beropt him dan ek wer op burokrasy.

Myn fraach is, wêrom docht it CDA yn Weststellingwerf dit no. Is it dêr sa’n burokratyske binde, dat it CDA dêr no nei presys 500 jier lêst fan krigen hat. Want sa lang bestiet Weststellingwerf. It andert komt út Den Haach, Albert hat it net sels betocht. It grutte CDA hat al in tiid lang in webside mei as titel ”niet te geloven dat het zo erg is.” En as CDA-ers net leauwe is der wat slims oan de hân. Op dy webside freegje se elkenien om te fertellen wat foar oerstallige burokrasy der yn ús lân is. No ha de boargers al lang opjûn om dêr oer te kleien, want dêr hat noch nea in politikus of partij wat oan dwaan wollen. Dus moasten de CDA-ers sels oan de slach. Harry van der Molen krige de opdracht om DUO te skiljen. DUO regelet de stúdzjefinansiering. Hy skille, en pas nei ien oere en fjouwer minuten krige hy immen oan de telefoan. Myn earste fraach: is wat docht in CDA Keamerlid dy’t 64 minuten wachtsje moat foardat immen de telefoan opnimt. Bidde of flokke? Wat foar fraach hie Harry eins foar DUO, want Harry studearret net mear. Lit we mar sizze dat it gie oer in eventuele skuld fan Harry oan it ryk foar stúdzjebydrage. Want oars hie Harry net belje moatten want it past keamerleden net om drok oerbesette telefonisten fan har wurk ôf te hâlden, omdat je sa graach wat melde wolle oan de webside fan it CDA.

Fansels is it net noflik dat jo somtiden lang oan de telefoan wachtsje moatte. Of dat je hieltyd trochferbûn wurde mei minsken dy’t je net ha moatte. Mar dat is gjin burokrasy. Want de iennichste oplossing dêrfoar is dat DUO mear minsken en linen ynhiere moat. En dan kostet de stúdzjefinansiering samar miljoenen mear. En dat moat wy dan ek wer betelje. Dus dat kin net. Nee, je soenen gewoan soargje moatte dat Harry genôch oare dingen te dwaan hat, mar dat sil wol nuodlik wurde as it CDA yn it regear komt, want dan hoecht hy inkeld mar hieltyd ja te sizzen. Yntusken regelje wy ús saken wol op de mail of de WhatsAapp, je hoege ommers net mear te beljen. En miskien dat it CDA dan wat dwaan kin dat je ek net hieltyd belle wurde troch minsken dy’t de Libelle of in fakânsje oan je ferkeapje wolle.

No kin ik Albert van der Berg in bytsje en ik wol him helpe. Albert, doch de webside fan de gemeente oan, druk op regelgevingen van de gemeente. Blêdzje dat ris troch. Sjoch it stean: agressieprotocol. Do wist net iens wat it is. Delete. En al dy oare dingen ek. Der stiet earne: besluit onder mandaat waarmerken en bekend maken in digitale verschijningsvorm van ruimtelijke instrumenten, plannen en besluiten. Fuort mei dy rommel. Njoggen fan de tsien regels. Noait immen dy’t dat lêst of der mei wurket. Inkeld de amtners yn Nederrlân sitte op bulten fan dy nutteleaze regels en dat hinderet de mienskip wol deeglik. Do hoechst de minsken net te freegjen, do wist it sels wol."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(Advertinsje)
(Advertinsje)