Njoggentich man op strjitte by Douwe Egberts

05 jul 2017 - 06:38

Der ferdwine de kommende twa jier 90 banen by it Douwe Egberts kofjefabryk op 'e Jouwer. It giet om in kwart fan it oantal meiwurkers.

Douwe Egberts ynvestearret tsientallen miljoenen euro's yn nije masines en der binne minder minsken foar nedich om dy te betsjinjen. De yngreep moat it fabryk klearmeitsje foar de takomst en is neffens de direksje nedich om it bedriuw foar De Jouwer te behâlden. DE iepene yn 1753 de earste winkel op De Jouwer.

Dûbeld gefoel

Boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren hat in dûbeld gefoel by it nijs. "Oan de iene kant is it moai dat 35 miljoen ynvestearre wurdt sadat it fabryk mei kin yn de konkurrinsjeslach en noch jierren foarút kin. Oan de oare kant is it bysûnder tryst dat dat ta skea is fan minsken dy't dien krije."

Trefwurden: 
Douwe Egberts De Jouwer
(Advertinsje)
(Advertinsje)