Grien ljocht foar bestimmingsplan Peinder Mieden

De bou fan huzen yn it gebiet De Peinder Mieden by De Pein is wer in stapke tichteby. De gemeenteried fan Smellingerlân hat tiisdeitejûn grien ljocht jûn foar de fêststelling fan it bestimmingsplan. Dit betsjut dat de bou fan de Peinder Mieden mooglik trochgiet. Mooglik, want der kin noch beswier makke wurde.
Applaus
"Nei ôfrin fan de stimming applaudissearren de riedsleden" fertelt Jentje Steegstra fan de Peinder Mieden. "Dat wie hertferwaarmjend en bysûnder, soks ha ik noch noait meimakke." De minsken dy't yn it natuergebiet op duorsume wize nije huzen bouwe litte wolle, binne bliid mei it nommen beslút. "We moatte no de beswiertermyn fan seis wiken noch ôfwachtsje, dat is noch even spannend, mar eins kin it no hast net mear misgean. Underwilens geane we wol troch mei de tariedingen, lykas it bouryp meitsjen fan it terrein." As alles goed rint, kin yn febrewaris, maart de bou fan de wenningen begjinne.