Takomst wurkbedriuw Caparis noch ûndúdlik

04 jul 2017 - 22:31

It is noch folslein ûndúdlik hoe't it fierder moat mei de werstrukturearring fan wurkbedriuw Caparis. De direksje fan Caparis hat trije senario's makke foar de takomst. Mar de gemeente Ljouwert hat dêr grutte twivels oer. B. en w. fan Ljouwert hawwe dêrom in fjirde senario op tafel lein wêrby't Ljouwert him hielendal of hast hielendal losmakket fan Caparis. It is oan de gemeenteried fan de stêd om út te meitsjen hokker oplossing úteinlik keazen wurdt.

Wethâlder Andries Ekhart fan Ljouwert hat moandei in petear hân mei de nije direkteur fan Caparis, Alex Bonnema en mei de foarsitter fan de ried fan kommissarissen, Arie Aalbers. Dêryn hawwe beide partijen harren fyzje op de takomst bepraat. Nei dat petear sei Ekhart dat alles noch iepen is. Der is gewoan in opsje bykaam.

Bonnema hat de trije opsjes moandei ek útlein oan de gemeenteried fan Smellingerlân. Hy pleite dêr om mei-inoar yn petear te bliuwen en foar de ein fan it jier mei in goede oplossing te kommen. De ried hat besletten om dêr yn de oankommende gearkomste in beslút oer te nimmen.

Caparis hat acht gemeenten as oandielhâlder. Dy binne it lang net iens oer de takomst. Neffens Bonnema moatte belutsenen de graat dy't by elkenien yn de kiel sit, sjen kwyt te reitsjen om úteinlik ta de bêste takomst foar Caparis en de meiwurkers te kommen.

(advertinsje)
(advertinsje)